Orthodontiepraktijk Leeuwarden

Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Wat kostet it?

Wat kostet in ortodontyske behanneling?


In ortodontyske behanneling kostet yn trochsnee ûngefear € 2.000 - €2.500. Jo ûntfange, nei it earste consult, en foardat de behanneling útein set, in begrutting. Hjiryn stiet oanjûn hoe’t de kosten oer de behanneling ferspraat yn rekken brocht wurde. De earste besite oan de beugeltoskedokter is net fergees, it kostet €20,08 (2016). Us praktykregels binne hjir
te lêzen. At jo by ús in ôfspraak meitsje, geane jo dermei akkoard mei ús praktykregels (informed consent).


Wat fergoedet de fersekering?
In soad fersekerders fergoedzje foar bern 75-80% fan dizze kosten út de oanfoljende fersekering. Wy hawwe in oersicht makke fan de fergoedings troch de wichtichste soarchfersekerders. Allinnich yn tige útsûnderlike gefallen, lykas skisis (hazzelippe), wurdt 100% fan de kosten fergoede út de basisfersekering.
In ‘medyske yndikaasje’ foar folwoeksenen jildt allinnich yn in hiel beheind tal gefallen, omdat de kriteria
dy’t de soarchfersekerders dêrfoar hanteare tige strang binne. Folwoeksenen kinne by guon soarchfersekerders in goeie dekking foar ortodontsy fersekerje. As jo soarchfersekerer  de IOTN ('the Index of Orthodontic Treatment Need') 4 of 5 score easket foar in fergoeding, dan kinne jo dy hjir lêze.

Eartiids wie in beugel djoer. Is dat noch altyd sa?
At wy wat werom geane yn ‘e tiid, doe’t de heiten en memmen fan no in beugel hienen, dan wie in ortodontyske behanneling yn ferhâlding folle djoerder. "Jo kinne der in auto fan keapje", waard faak ferteld. Dat wie eartiids suver ek sa.
Meisje met vaste apparatuurIn ortodontyske behanneling mei fêste apparatuer (‘slotsjes-beugel’) kostte 30 jier lyn sa’n ƒ6.000 – ƒ7.000. Soe de ynflaasje folge wêze oer de jierren, dan wie dat bedrach no €8.200.


Mar omdat ús sterk ferbettere effisjinsje (troch it wurkjen op meardere stuollen en it delegearjen oan hulpkrachten) trochjûn is oan ús klanten, kostet dyselde behanneling no €2.000 - €2.500. En dat mei better, feiliger en nofliker materialen. En in folle bettere fersekeringsdekking, net te ferjitten.
De Nederlânske ortodontsytariven hearre by de leechste fan Europa. Yn de Ferienigde Steaten kostet in behanneling foar in bern $6.000 - $7.000 en foar in folwoeksene $7.000 - $8.000 en dat by in frije merk en in ortodontisten-tichtens fan 1 ortodontist op 20.000 ynwenners. Yn ús buorlân Dútslân kostet in ortodontyske behanneling sirka €6.000. Dêrby fergeleken is ortodontsy yn Nederlân tsjinwurdich net djoer mear en mei tank oan de goeie fersekerberheid prima berikber foar eltsenien.

 

Jo en jo nota fan de ortodontsypraktyk
Omdat wy yn ús praktyk leaver mei jo as mei ús finansjele administraasje dwaande binne, ha wy al ús foarderings oerdroegen oan oan Fa-med. Dit bedriuw is spesjalisearre yn it fakturearjen en barren fan deklaraasjes. Foar jo betsjut dit dat jo ús nota ûtfange fan Fa-med. a-med ferstjoert ús rekkens en sil him ek beleste mei it barren derfan. Wy moatte Fa-med ynljochtingen jaan dy’t nedich binne foar in korrekte spesifikaasje fan de deklaraasjes. Ha jo hjir beswieren tsjin, nim dan asteblyft kontakt mei ús op. Wy lizze jo graach út dat dizze wize fan wurkjen gjin inkele ynbreuk makket op jo privacy.


At al jo data by ús bekend binne: namme, adres, boargerservicenûmer (BSN), poalisnûmer, namme en UZOVI-koade fan jo soarchfersekerder, kin DFA de rekken earst yntsjinje by jo soarchfersekerder. Dan ûntfange jo allinnich in (rest-)nota foar de kosten dy’t net rjochtstreeks by jo soarchfersekerder deklarearre wurde kinne – of foar it persintaazje fan de rekken dat net fergoede wurdt. Dit makket it makkeliker foar jo, want dan hoege jo net mear sels it fersekerde part fan de rekken by jo soarchfersekerder te barren.

Fragen oer in rekken sille jo dus net oan ús resepsjonistes, mar oan de meiwurkers fan Fa-med stelle moatte. It foardeligst kin dat fia de mail: Famed klantenservice. Per tillefoan kin it ek: it tillefoannûmer dêrfoar is 0900-0885 (€0,90 per gesprek plus jo gebrúkelike tillefoankosten).

Ferhuzing. At jo ferhúzje sille, fersykje wy jo mei klam om jo adreswiziging op tiid troch te jaan oan ‘e resepsjonistes fan ‘e ortodontsypraktyk, oan jo soarchfersekerder en oan Fa-med. Sa komme jo ûnnedige rinte- en ynkassokosten tefoaren.

It is wichtich dat jo jo hâlde oan de betellingstermyn fan 30 dagen. Fa-med is wetlik ferplichte de nedige maatregels te nimmen.


Betellingsbetingsten Fa-med

       

  • Voor het betalen van uw nota hanteren wij een betalingstermijn van 30 dagen. U blijft zelf te allen tijde verantwoordelijk voor betaling binnen deze termijn.
  • U kunt het notabedrag overmaken op bankrekeningnummer NL97 ABNA 0627 0008 00 ten name van Fa-med B.V. te Amersfoort. Vermeld bij (elektronische) betaling altijd het betalingskenmerk.
  • Indien wij niet binnen 30 dagen na de notadatum volledige betaling van u hebben ontvangen, sturen wij u een aanmaning die ook geldt als ingebrekestelling.
  • Door middel van deze brief stellen wij u alsnog in de gelegenheid om het notabedrag binnen 14 dagen aan ons te voldoen.
  • Indien wij niet binnen 14 dagen na de datum van de aanmaning uw betaling hebben ontvangen, bent u in verzuim. Vanaf dat moment brengen wij kosten in rekening. De extra kosten zijn een percentage van het notabedrag met een minimum van €40,00 plus de wettelijke consumentenrente.
  • Uw betaling strekt in de eerste plaats in mindering van de kosten, vervolgens in mindering van de rente en ten slotte in mindering van de hoofdsom.
  • Alle gerechtelijke en/of buitengerechtelijke kosten, die verband houden met het innen van de gedeclareerde bedragen, komen voor uw rekening..
  • U bent altijd zelf verantwoordelijk voor het betalen van de nota's, ook als uw zorgverzekeraar heeft toegezegd om 100% te vergoeden. Soms weigert uw zorgverzekeraar de declaratie van Famed en in dat geval ontvangt u privé de nota. Dan zult u zelf de nota tijdig moeten betalen en dan bij uw eigen verzekeraar het geld terugvragen.

  • Klachten over late uitbetaling door zorgverzekeraar.

    Wie medische kosten declareert bij zijn zorgverzekeraar, moet soms lang wachten op zijn geld. 
    Te late betaling door uw zorgverzekeraar aan u betekent niet dat u de betalingstermijn van de nota kunt overschrijden.

  • Via 'Mijn Fa-med' beheert u zelf uw declaraties online.



Fierdere ynformaasje