Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Fierdere ynformaasje

Friese Beugel  Klachtentssjinst Fryske ortodonthypraktiken
De Fryske ortodontsypraktiken ha ûnder elkoar in klachtentsjinstregeling ôfsprutsen.
By slimme klachten oer pine troch de beugel, bûten praktykoeren, kinne jo jo eigen ortodontsypraktyk belje.
De tekst op it antwurdapparaat fermeldt de ortodontist of beugeltoskedokter dy’t dy spesifike wike tsjinst hat mei syn/har tillefoannûmer. In soad saken kinne tillefoanysk oplost wurde. Yn in inkeld gefal sille jo nei de spesifike ortodontsypraktyk ta moatte.
It kin wêze dat jo nei Harns, Snits, it Hearrenfean of Drachten reizgje moatte. De folgjende ortodontisten en beugeltoskedokters yn Fryslân ha ûnder elkoar in jûns-, wykein- en fakânsje-klachtenopfangregeling regele:


  Ortodontsypraktiken yn Fryslân

LjouwertFinnema Orthodontist
B.D. van der Meulen en K.J. Finnema, ortodontisten
Ortodontsypraktyk Ljouwert

De Skrâns 57-59, 8932 NB Ljouwert (kaart)
Tillefoan: (058) 28 87 555

Harns
dr. A.P. de Ruiter, ortodontist
Groen van Prinstererstrjitte 17, 8862 AA Harns (kaart)
Tillefoan: (0517) 43 44 22


Manon BorsjeAfien VeenemaSnits
A.C. Veenema en M.A. Borsje, ortodontisten
Orthodontiepraktijk Sneek
Lemmerweg 1-3, 8608 AA Snits (kaart)
Tillefoan: (0515) 41 16 46

Joost DusseldorpIt Hearrenfean
S.C. Boxum en J.K. Dusseldorp, ortodontisten
Orthodontiepraktijk Heerenveen
Lanenburg 3-4, 8441 GP it Hearrenfean, yngong Kerkstraat (kaart)
Tillefoan: (0513) 62 10 57

DraJoost Dusseldorpchten
A.Y. de Kleine en J.K. Dusseldorp, ortodontisten
Orthodontiepraktijk Drachten
Gauke Boelensstrjitte 6, 9203 RM Drachten (kaart)
Tillefoan: (0512) 51 85 24


  Kaaksjirurgenpraktyken yn Fryslân

Ljouwert
dr.K. Heydenrijk, dr.E.H. van der Meij, H.B. Seydell, J.H. Sillevis Smitt, dr.J.G.A.M. de Visscher, kaaksjirurgen
MCL, Henri Dunantweg 2, 8934 AD Ljouwert (kaart)
Mondziekten en Kaakchirurgie, Rûte 65, Tillefoan: (058) 28 66 99 0
http://www.mcl.nl

Snits
H.B. Seydell, J.H. Sillevis Smitt, kaasjirurgen
Antonius Ziekenhuis, Bolswarderbaan 1, 8601 ZK Snits (kaart)
Rûtenumer 26, Tillefoan: (0515) 48 89 88
http://www.antonius-frl.nl

It Hearrenfean
dr. A. Hoekema, dr.W.W.I. Kalk, kaaksjirurgen
Ziekenhuis De Tjongerschans, Thialfweg 44, 8441 PW Heerenveen (kaart)
Kaakchirurgie-Mondheelkunde, Tillefoan: (0513) 68 53 20
http://www.tjongerschans.nl

Drachten
dr.L. Meijndert, J.P.H. Wymenga, dr. P.F>M. Gielkens, kaaksjirurgen
Chr. Ziekenhuis Drachten Nij Smellinghe, Compagnonsplein 1, 9202 NN Drachten (kaart)
Polikliniek Mondheelkunde (nr.2), Tillefoan: (0512) 58 88 02
http://www.nijsmellinghe.nl

Dokkum
dr. L. Meijndert, J.P.H. Wymenga, dr. C.A. Krabbe, kaaksjirurgen
Ziekenuis De Sionsberg Dokkum, Birdaarderstraatweg 70, 9101 DC Dokkum
Mondziekten, Kaak- en Aangezichtschirurgie, 1ste etage, Tillefoan: (0519) 29 13 30

Grou

H.B. Seydell, dr. K. Heijdenrijk, kaaksjirurgen
Omnimed, Kaakchirurgie & Implantologie, Oedsmawei 24, 9001 ZJ Grou
Verwijspraktijk voor kaakchirurgie en implantologie, Tillefoan (0566) 82 00 20
Logo Schisisteam Friesland
  Skisisteam Fryslân
B.D. van der Meulen is sûnt 1990 lid fan it Skisisteam Fryslân. Dizze multi-dissiplinêre wurkgroep fierde yn 2014 syn 35-jierrich bestean. Sekretariaat: Mefrou Aeltsje van der Meer, Poli Plastische Chirurgie MCL, rûte 48, Henri Dunantweg 2, 8934 AD Ljouwert, Tillefoan: (058) 28 63 746. De bydrage fan de ortodontist oan ‘e behanneling fan skisispasjinten kinne jo hier lêze. (kaart)


  Osteotomysprekoere Ljouwert

B.D. van der Meulen wurket sûnt 1990 gear mei de Ljouwerter kaaksjirurgen yn de ferienige oanpak fan kombinearre ortodontyske-kaaksjirurgyske behannelings.
De beugeltoskedokter en de kaaksjirurch besjogge tegearre de pasjint en besprekke de bêste oanpak yn in sprekoere mei-inoar.


  Toskedokter-Parodontologen yn Fryslân Leeuwarden
L.J.M.M. Gründemann, M.G. Vroom, J. Reiker, Toskedokter-Parodontologen

Parodontologie Praktijk Friesland (PPF), Bredyk 1-B, 9084 AG Goutum.

Tillefoan: (058) 21 60 46 2
http://www.parofries.nl


 Yn 'e media
Us praktyk hat al ferskate kearen yn ‘e media west. Yn ‘e rubryk Fierder lêze fine jo in oersjoch fan de artikels út de kranten, tiidskriften, radio en tillevyzje.


  Skiednis fan 'e ortodontsy yn Fryslân
Tekening orthodontist Cees BooyToskedokter C.Booy wie yn 1947 de earste yn Fryslân dy’t him folslein spesjalisearre yn ‘e ortodontsy. It spesjalisme bestie doe noch net offisjeel, hy wie doe ‘toskedokter eksklusyf foar ortodontsy’. Hy wurke ien dei yn ‘e wike yn Fryslân mei in ‘sitdei’ yn in toskedokterspraktyk oan ‘e Nijstêd 77 yn Ljouwert. Professor C. Booy hat op 17 desimber 2004 de kompleet fernijde Orthodontiepraktijk Leeuwarden offisjeel iepene. Hy joech derby in lêzing oer de skiednis fan de ortodontyske soarch yn Fryslân. Fia dizze link is syn eigen ferhaal te lêzen.Uitreiking Friese Beugel aan prof. C. Booy

Professor C. Booy wie de oplieder fan Daniël van der Meulen by syn spesjalisaasje ta ortodontist (1986-1990). Prof. Booy is noch altyd ûnfermindere entûzjast oer dit moaie fak en hat noch altyd in (beskieden) praktyk oan hús yn Grins. Hy hat de fêste apparatuer (slotsjesbeugel) yn Europa populêr makke mei ynternasjonale kursussen.
Foar syn grutte ynbring by de ortodontsy yn Fryslân is professor C. Booy op 13 jannewaris 2006 ûnderskieden mei de ‘Fryske Beugel’. Dizze waard him út namme fan de Fryske ortodontisten útrikke troch Daniël van der Meulen by in diner mei syn allen yn restauran 't Plein op de Jouwer.


  De Orthodontiepraktijk Leeuwarden is yn 1966 oprjochte troch ortodontist Evert Steutel oan ‘e Ljouwerter Drúfstreek 63  (foto hjirûnder). Oude praktijkpand Orthodontiepraktijk Leeuwarden aan de Druifstreek

De snelgroeiende praktyk waard yn augustus 1972 fersterke troch it lid wurden fan ortodontist Henk de Groot.

De praktyk waard grutter en grutter en op in bepaald stuit sels te lyts. Der waard socht nei in geskikt gebou foar in noch gruttere ortodontisten-praktyk.
Dat pân fûnen sy yn 1977 oan de Skrâns, dêr’t it OBAS-OTOS fersekeringskantoar frijkaam.

Orthodontistenteam circa 1975
Dit wie it komplete team sirka 1975.



Orthodontistenpraktijk Leeuwarden 1990 Tegearre ferbouden Sleutel en De Groot yn 1979 it OBAS-OTOS fersekeringskantoar oan de Skrâns ta in tige moderne en grutte ortodontistenpraktyk mei 7 behannelstuollen.

Yn 1990 kaam ortodontist Daniël van der Meulen yn Ljouwert de ortodontisten-maatskip fersterkjen. De foto hjirnjonken, rjochts, is fan 1990. Op dat stuit wie de wachtlist foar in earste consult oprûn ta sirka 6 jier, neffens de noarm fan no net mear foar te stellen.

Evert Steutel E.H.Steutel   Henk de GrootH.D.J.de Groot

Nei it mei pensjoen gean fan de ortodontisten Steutel en De Groot yn 2003 hat Daniël van der Meulen de Orthodontiepraktijk Leeuwarden yn syn gehiel oernommen en fuortset.
Yn 2003 is it praktykpân oan de Skrâns troch him nochris fan top ta tean fernijd. Sûnt oktober 2007 waard it team fersterke mei ortodontist Afien Veenema. Yn 2010 is sy opfolge troch ortodontist Huib Berghauser Pont. Yn 2012 is hy wer opfolge troch ortodontist dr. Zachie Fouri en sûnt maaie 2012 troch de ortodontiste Katrina Finnema.

  It praktykpân oan 'e Skrâns yn Huzum, Ljouwert
It hjoeddeistige praktykpân is yn 1926 ûntstien. Doe waard it fersekeringspân fan de OBAS (Onderlinge Brand Assurantie Sociëteit) fergrutte.
De OBAS wie al yn 1815 oprjochte as in ûnderlinge brânfersekering.

De OTOS kantoor aan de Schrans 1971OBAS wie sûnt 1919 al festige yn it gebou oan de Skrâns nûmer 59. Yn 1926 waard it njonkenlizzende pân op nûmer 57 derby lutsen en waard der in nije gevel foar dizze beide pannen set.
Der wie doe ferlet fan in eigen gearkomstrûmte (dit is de hjoeddeistige wachtkeamer). De begeane grûn joech romte foar it fersekeringskantoar. Der kaam ek in robúste klús fan wapene beton (de hjoeddeistige röntgenkeamer is dêryn festige). Op de ferdjipping wie de direkteurswenning (no kantoaren en kantine). Der wie sels in skiphús oan de Potmarge, it âlde rivierke dat achter dizze pannen lâns rint.
It kantoar fan de OBAS en letter ek OTOS bleaun hjir festige oant 1979. Dizze beide fersekeringsmaatskippijen binne yn 1986 opgien yn it grutte Avéro concern. De foto hjirboppe lit de sitewaasje sjen oan de Skrâns yn 1971.
Yn 2012 wurdt it praktykpân oanwiist as gemeentelijk monument.
Mear âlde foto’s en skiednis fan de OBAS en fan de Skrâns fine jo hjirre.

Faak stelde fragen