Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Faak stelde fragen


Wannear kinst it bêste mei in beugel begjinne?

At it leuk is om in beugel te dragen en der noch flink wat groei en gebitsûntwikkeling foar de boech is. Dat is meastal yn groep 8 fan ‘e basisskoalle, jonger begjinne hat net safolle sin.

Allinnich at de tosken sa fier nei foaren stekke dat der hieltyd tsjinoan stjitten wurdt en tosken skansearre reitsje, of at er pest wurdt mei de stân fan it gebit, of at er in saneamd ‘sintenbakje’ ûntstiet (in ûnderkaak dy’t de boppekaak foarby groeit), kin it sin ha om earder te begjinnen. Bern dy’t in skisis ha, moatte faak al mei 8 of 9 jier begjinne mei in lange ortodontyske behanneling.

 


Moatte alle tosken wiksele wêze om te begjinnen mei in beugel?

Nee, dat hoecht net. By in soad korreksjes is groei nedich fan it gesicht. En soms is it wikseljen pas klear, wannear’t de groei al foar in grut part achter de rêch is. Yn dat gefal soe it spitich wêze om pas nei it wikseljen útein te setten mei de behanneling. Want dan binne de mooglikheden, dy’t de groei noch biede soe, net mear te brûken. At in lettere start yn in bepaald gefal handiger is, sil de ortodontist dat wol fertelle. De ortodontist sjocht leaver 10 bern te jong op in konsult as 1 te âld.

Meist in fêste beugel poetse mei in elektryske toskboarstel?
Ja, dat is gjin inkeld probleem. Elektrysk poetse mei de moderne elektryske toskboarstels blykt feilich en effektyf. Soms sels effektiver as poetse mei in gewoane toskboarstel. Der moet wol op let wurde dat alle tosken en kiezzen fan alle kanten goed poetst wurde. Dat jildt foar beide soarten toskboarstels: elektrysk of gewoan. Du hoechst net bang te wêzen datst de brackets/slotsjes fan de tosken ôfpoetst.


Is fluoride wichtich?
Ja. Fluoride (faak ûnrjochtlik ‘fluor’ neamd) is in wichtige stof foar it sterk hâlden fan it glazuer fan it gebit. It beskermet it glazuer tsjin de soeroanfallen fan de bakteriën yn ‘e toskplaque by it snobjen. Dy bakteriën ite sûkers en skiede molksoer ôf. Dit molksoer hellet kalk (calcium) út it glazuer en sa ûntsteane gatsjes. Toskpoetse mei fluoridetoskpoetsersguod is tige ferstannich. Yn guon gefallen is it ek ferstannich om oanfoljend te spielen mei in fluoride-spielmiddel (lykas ACT). Dit is benammen sa, wannear’t it muoite kostet om foldwaande genôch te poetsen. It fluoride adfys fan it Ivoren Kruis kinne jo hjir lêze.

Wat is toskeroazje?
Toskeroazje is de oantaasting fan it toskglazuer troch de ynwurking fan soeren. Gatsjes ûntsteane troch de kombinaasje fan sûkers en bakteriën, mar toskeroazje kin yn in skjin gebit ûntstean troch de direkte ynwurking fan soeren út it iten of út frisdranken. Dizze soeren losse in lyts laachje fan it glazuer op. Wês dus foarsichtich mei soere dranken, lykas fruchtensap of icetea. Jou de flibe kâns om wer better te wurden fan de oantaasting troch soeren troch in oere nei it drinken fan soere dranken NET de tosken te poetsen. Dat klinkt nuver, mar it poetsen ferwideret oars it troch de soeren sacht makke laachje glazuer foargoed. De flibe sil oars troch de oanfier fan kalk (calcium) it glazuer besykje wer better te meitsjen. De achterkant fan de boppetosken is it meast noedlike plak, om’t de tonge dêr it sachte ferwekke laachje der al ôfskrabbet, ear’t de flibe yn steat is om it glazuer wer better te meitsjen. It Ivoren Kruis hat in folder oer toskeroazje makke.


Moat in bûtenboardbeugel oerdeis ek droegen wurde?

Meisje met buitenboordbeugelMeastal net. Yn ús praktyk litte wy bûtenboardbeugels (headgear) 12 of 14 oeren per etmiel drage. Dat komt er op del dat de bûtenboardbeugel nei it jûnsiten yn moat en dêrnei de hiele nacht droegen wurde moat. Dêrby soms noch 2 oeren yn de middei, bygelyks ûnder it meitsjen fan húswurk.

 

 


Wannear bist te âld foar in beugel?

At it gebit net mear genôch yn it toskfleis stiet om it noch sûnder skea feroarje te kinnen. Of at der net mear genôch tosken en kiezzen oer binne om der noch wat fan te meitsjen. De âldste pasjinte dy’t wy súksesfol behannelden wie 71 jier. En sy hie noch in geef gebit! Dus allinnich yn jierren is it net út te drukken. Ien fan 20 fynt him- of harsels soms al ‘te âld’. Wylst ien fan 35 foarút sjocht en de kommende 35 jier dochs noch in rjocht gebit ha wol..

Is alles mei in beugel te ferhelpen?

Nee. Der is in soad mooglik, mar de mooglikheden binne beheind troch de kwaliteit fan it gebit, troch de groei dy’t er noch is, troch it groeipatroan, ensafuorthinne. Fierder is de meiwurking fan grut belang.

Wêrom binne der sa’n bytsje ortodontisten?

Fanwege in ûndersteld oerskot oan toskedokters begjin jierren tachtich waarden troch de oerheid twa (Utert en Grins) fan ‘e fiif toskhielkundige fakulteiten sluten en twa fakulteiten yn Amsterdam gearfoegd. Doe wienen der úteinlik noch mar twa fakulteiten oer: Amsterdam en Nijmegen. It tal toskedokters yn oplieding sakke fan 480 per jier nei 120! Wylst it persintaazje froulike toskhielkundestudinten omheech gie fan 10 nei 50%. Omdat de ortodontistenopliedings oan ‘e toskedoktersopliedings fêstsieten, waarden dizze ek sluten. Hjirtroch ferdwûnen ek 22 fan de 40 spesjalisaasjeplakken ta ortodontist, wat ynhold dat der ek mear as de helte fan ‘e ynstream fan nije ortodontisten ôf gie. Dit wylst er yn dy tiid al sprake wie fan in tekoart oan spesjalistyske ortodontyske soarchferliening.
Mei op driuwend adfys fan de beropsgroep fan ortodontisten sels, fertsjinwurdige yn ‘e Kamer Tandheelkundig Specialisten van het Capaciteitsorgaan, hat VWS koartlyn besluten ta in útwreiding fan it tal opliedingsplakken. Ortodontist Van der Meulen wie ferskate jierren lid fan ‘e Permanente Begeleidingscommissie Beroepskrachtenplanning Orthodontie en hat him dêryn konsekwint sterk makke foar it ferheegjen fan it tal opliedingsplakken en it opnij iepenjen fan in spesjalistenoplieding yn Grins (dêr wie de toskedoktersoplieding yn ‘e tuskentiid ek alwer fan ‘e grûn tild). De lêste lichting ortodontisten yn Grins studearre ôf yn 1990. De earstfolgjende lichting kaam koartlyn pas wer yn 2007! At dizze oplieding net sluten wie troch de oerheid yn 1990, wienen der yn ‘e tuskentiid allinnich al yn Grins 34 ortodontisten ekstra oplied. It lanlike tal opliedingsplakken fan augustus 2005 ôf leit mei 36 lykwols noch 10% ûnder it nivo fan 20 jier tebek. Omdat de spesjalisaasje 4 jier duorret, betsjut in tal fan 36 opliedingsplakken dat er yn trochsnee alle jierren 36 dield troch 4 = 9 ortodontisten foar hiel Nederlân ôfstudearje. It is dus net sa, sa’t sa faak tocht, sein en publisearre wurdt, in komplot fan ortodontisten om net folle kollegae op te lieden. It hat bliken dien dat it in foute kar west hat fan ‘e oerheid om ein jierren tachtich sa bot te snoeien yn ‘e toskhielkundige opliedings. Dêrom hawwe de ortodontisten it no sa drok, en de toskedokters ek! Foar in soad achtergrûnynformaasje kinne jo lêze it rapport 'Orthodontie, Sociaal en op Maat' út 2004. S√Ľnt septimber 2015 wurket ortodontist Van der Meulen moandeis yn Grins op it UMCG om nije ortodontisten it fak te learen.

 

Dit is in Feyenoord fan:

Jongen met hele grote Feyenoord beugelCambuur logo op beugelVan Beek activator in Cambuur uitvoering

 

Cambuur beugels

Cambuurbeugel en een echte fan

 

Skylger beugel

Beugel in Terschelling kleuren

 

Fryslân boppe! S.C.Heerenveen beugel

Sportclub Heerenveen beugel in de mondBeugel met Friese vlag, Sportclub Heerenveen kleuren

 

 

 

 

 

 

 

'Smile, and the world smiles with you.'

Vader en zoon, gelukkig ondanks rampengebit

Fierder lêze