Oer ús praktyk
Rûtebeskriuwing
Us praktyk is festige yn it sintrum fan Ljouwert. Al 35 jier oan de Skrâns 57-59, 8932 NB. Luchtfoto fan de Skrâns.
Dit is op kuierôfstân fan it treinstasjon, dus ek mei it iepenbier ferfier prima te berikken. It meast geskikte parkearplak is it Sixmaplein. Jo berikke dit parkearplein troch fan de Oostergowei ôf de Hoekemastrjitte yn te riden (dit is njonken it gebou fan ‘e Leeuwarder Courant) en dêrnei linksôf te slaan. (rûteplanner).
De Schrans is een smûke winkelstjitte en leit tsjin it centrum fan Ljouwert oan.
Wy ha in fytsenstalling en in bushalte foar de doar.
Foar de histoarje fan ‘e Skrâns klikke jo hjir.
Youtube filmpje oer ús praktyk (NL)
Tillefoan en e-mail
Jo kinne ús belje foar it meitsjen fan ôfspraken op tillefoannûmer (058) 28 87 555.
Wy ha fjouwer tillefoanlinen ta ús beskikking, beminske troch twa of trije resepsjonistes, mar soms (fral foar en nei skoalfakânsjes) binne dy drok beset. Wy rekkenje op jo begryp hjirfoar. It bêste kinne jo ús belje tusken 9 en 12 oere.
Jo kinne ús resepsjonistes ek per e-mail berikke op it e-mailadres: receptie@orthodontiepraktijk.nl
Der is gjin tillefoanysk sprekoere. Jo kinne as âlder/fersoarger dus net de beugeltoskedokter tillefoanysk fragen stelle oer de fuortgong fan ‘e behanneling. Mochten jo fragen ha, dan is it ferstannich om by de folgjende kontrôle mei jo pupil mei te gean.
'Like' ús op Facebook en bliuw op de hichte
Praktykregels
Foar in effisjinte en ordintelike praktykfiering jilde yn ús praktyk praktyk-regels.
At jo jo by ús behannelje litte, geane jo automatysk akkoard mei dizze regels.
Jo kinne se hjirre lêze. Jo kinne se ek lêze op it meidielingenboerd yn ús wachtkeamer.
Meitsje gebrûk fan ús ekspertise en doch jo foardiel mei ús enoarme ûnderfining.
Utsein de twa spesjalisearre ortodontisten wurkje er noch folle mear minsken yn ús ortodontsypraktyk. In trijetal resepsjonistes en trettjin ortodontsy-toskedoktersassistinten-plus. In soad mei in al jierrenlange ûnderfining, guon ha sels al mear as 25 jier ûnderfining!. Mei-inoar is it tal jierren oan ûnderfining yn ús team gâns mear as 200 jier. Yn in effisjinte taakferdieling arbeidet dit ortho-team mei-inoar op om jo sa goed mooglik fan tsjinst wêze te kinnen.
Wy binne sûnt 6 desimber 2004 in erkend
learbedriuw foar toskedoktersassistinten.
Fierder wurkje er trije yn ortodontsy spesjalisearre tosktechnyske laboratoariatosktechnisi oan it meitsjen fan de gipsen gebitsmodellen en de útnimbere (losse) beugels dy’t wy brûke.
Iepeningstiden
Ús praktyk is iepen fan moandei oant en mei freed, eltse die fan 8:30 - 12:30 en fan 13:30- 17:15 oere.
sprekoere | moandei | tiisdei | woansdei | tongersdei | freed |
---|---|---|---|---|---|
moarns | 8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
8:30 - 12:30 |
middeis | 13:30
- 17:15 |
13:30
- 17:15 |
13:30
- 17:15 |
13:30
- 17:15 |
13:30 - 17:15 |
Skiednis
Orthodontiepraktijk Leeuwarden bestiet al sûnt 1966.
Wolle jo mear witte oer de skiednis fan ús praktyk en fan ‘e skiednis fan De Skrâns, dan kinne jo sjen op de side Fierdere ynformaasje
Al 47 jier in fertroud adres foar ortodontyske soarch.
Us praktyk en it ynterieur
Ortodontsypraktyk Ljouwert is yn 2003 foarmjûn troch ynterieurarsjitekt Bart Vos fan Maupertuus
yn Grins yn gearwurkink mei arsjitekt Alex Wooning. De bouwer wie BBF Bouwbedrijf Friesland (tsjinwurdich Heijmans). De technyk waard fersoarge troch Stork Worksphere Leeuwarden (tsjinwurdich Strukton). De ynterieurbouwer wie Octo-Plus
út Grou. De glêzen wanden en skodoarren binne levere troch Steinfort Glasindustrie út Frentsjer.
It plafond út 1926 yn ‘e wachtkeamer is restaurearre troch masterskilder Jilt Heidstra.
De boubegelieding waard fersoarge troch boukundich adfiseur Hessel Hoekstra út Ljouwert.
Op freed 17 desimber 2004 is de praktyk feestlik iepene troch professor C. Booy, ortodontist. Hy hat dêrby in lêzing holden oer de skiednis fan 'e ortodontsy yn Fryslân.
Hússtyl
It logo en de hússtyl fan ús praktyk binne ûntworpen troch foarmjouwer Gert Jan Slagter út Grins, yn 2001 en 2002 bekroand foarmjouwer, artikel Leeuwarder Courant april 2002
Fakverienings
Us ortodontisten binne ûnder oaren lid fan ‘e folgjende fakferieningen:
de Nederlandse Maatschappij tot bevordering der Tandheelkunde,NMT
de
Nederlandse Vereniging voor Orthodontische Studie, NVOS
de Nederlandse Vereniging van Orthodontisten, NVvO
the European Begg Society of Orthodontics, EBSO
de Vereniging voor Orthodontisten VvO,
de Ortodontisten stúdzjeklup DOQAS
de European Orthodontic Society, EOS
Foto Leeuwarder Courant; Fotograaf: Siep van Lingen; Soarchbylage Leeuwarder Courant 26 novimber 2005
It earste Nederlânske Kwaliteitskeurmerk fan de Feriening fan Ortodontisten
CDA Twadde Keamerlid Margreeth Smilde brocht op moandei 9 Maaie in wurkbesite oan Ortodontsypraktyk Ljouwert. Sy wie oanwêzig by de utrikking fan it earste kwaliteitskeurmerk fan de Feriening van Ortodontisten (VvO) troch lanlik foarsitter Gerard Steenvoorden oan ús Ljouwerter praktyk.
Frou Smilde wie oanwêzich by de behandeling fan in oantal pasjinten mei in bûgel en spruts mei harren oer hun underfinings. Fjirder liet sy sich troch Daniël van der Meulen wiidweidich ynformearje oer de aktuele ûntjouwings op it mêd fan de sûnenssoarch troch toskedokters en binammen op it mêd fan de ortodontsy. De wichtichtste feroaring is it plan fan minister Edith Schippers fan Folsksûnens om mei yngong fon 2012 as in proef foar trije jier de tariven frij te jaen foar toskedokters en ortodontisten om de pasjint mear keuzefrijheid te jaen en de ynnovaasje te befoarderjen.
De minister stelt as betingst foar de frije tariven dat de pasjint de ferskeidene soarchoanbieders mei inoar fergelykje kin. It kwaliteitskeurmerk fan de Feriening fan Ortodontisten kin de pasjint helpe om te kiezen foar in soarchoanbieder dy't oan de kwaliteitseasken fan de VvO foldocht.
Ein juni hat de Twadde Keamer yndie beslúten dat it eksperimint mei de frije tariven troch giet.
Jammergenôch is it eksperiment healwei 2012 al wer stopt.
KvK
Orthodontiepraktijk Leeuwarden B.V. is statutêr festige yn Ljouwert en is ynskreaun yn it hannelsregister yn Ljouwert ûnder nûmer 01118327.