Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Is in bûgel nedich?

De TandartsAt jo tinke dat jo bern ortodontyske help brûke kinne soe, is it ferstannich dit mei jo toskedokter te bepraten.
Faak is it jo toskedokter dy’t sels mei it adfys komt foar in beugel-behanneling, by de regelmjittige kontrôle fan jo gebit.
Ek ûnder de ortodontyske behanneling bliuwt jo toskedokter de normale gebitskontrôles elts (heal) jier útfieren.

Faker as eartiids?
It tal bern dat tsjinwurdich in ortodontyske behanneling krijt, is grutter as eartiids. Hoe kin dat? Binne de gebitten fan no minder as eartiids? Nee, dat is net it gefal. Wol binne de gesinnen lytser en libje wy yn in lúksere tiid.
Globaal kin men de bern kwa gebit yn ûngefear trije like grutte groepen yndiele: íen tredde part fan de bern hat fan hús út in kreas, rjocht gebit. Ien tredde hat in gebit, dêr’t eltsenien fan tinkt dat in beugel hurd nedich is. En it restearjende tredde part fan de bern hat de tosken net rjocht stean en ek net ôfgryslik steurend bryk stean. Fan dizze lêste groep wolle no ek hieltyd mear in ortodontyske behanneling.

Fan de Nederlânske bern wurde tsjinwurdich ûngefear 45% ortodontysk behannele. Dit persintaazje lei eartiids leger. Der wie doe ek folle minder mooglikheid ta it krijen fan in beugel. Dêr wienen ferskillende redenen foar:
Der wienen minder ortodontisten en in beugelbehanneling wie eartiids fólle djoerder as no.
In behanneling mei in in fêste (slotsjes) beugel kostte 37 jier lyn, yn 1979 sa’n ƒ6.000 oant ƒ7.000 (= €2.700 - €3.200). De kosten fan libbensûnderhâld binne yn de ôfrûne 37 jier mear as twaeninheal kear sa djoer wurden. Mar de ortodontsy is net twaeninheal kear sa djoer wurden, want dan soe in behanneling no €8.200 kostje en dat is gelokkich net sa.
Dyselde behanneling mei ûnderwilens bettere en moaiere materialen kostet no ûngefear €2.000 - €2.500.
Us troch taakdelegaasje omheech giene effisjinsje en bettere materialen binne dus al ferrekkene yn relatyf legere tariven foar jo. Hjirtroch is ortodontsy tige berikber wurden foar de minsken fan no.

 

Is it wier nedich?
In bytsje bryk is minskelykFoar it oerlibjen meastentiids net. Mar it gebit hat fansels folle mear funksjes as it fermealjen fan iten allinnich. Foar it uterlik en it sosjaal funksjonearen is it noflik at it gebit der fersoarge en skjin útsjocht. Dat betsjut fansels net dat elk minym draaid toskje rjochtset wurde moat!

 



Yn ‘e stoepe foar ús praktyk stiet net foar neat in wize Fryske siswize beitele:

' In bytsje bryk is minskelyk '

Dizze tekst helle op 14 febrewaris 2007 it Algemeen Dagbladyn in relativearjend stikje.
Yn Grinslân wurdt sein: "Schaif stoat laif". (Bryk stiet leaf.) Dit is net allinnich noardelike nuchterheid, want yn Utert wurdt sein: "Een beetje scheef, dat juffert niet".

Moat it no al?
Soms kin in behanneling krekt like goed útsteld wurde. Dan kinne jo yn prinsipe jierren neitinke oer de needsaak. Mar faak is de groeiperioade (10 oant 13 jier) nedich om ta in goed risseltaat te kommen. Dan is útstel net ferstannich. Guon beugels binne ek folle better op ‘e basisskoalle te dragen as yn de brêgeklasse; yn groep 7 en 8 binne beugels noch ‘cool’.

Us filosofy is om it gebit alfêst toanber te meitsjen foardat de bern nei de middelbere skoalle gean. De meiwurking wurdt yn de pubertiid faak minder goed. Ek moat rekken holden wurde mei de dekking fan jo fersekering. Dy rint faak oant de 18de (soms 22ste) jierdei.

Ferwizing
De toskedokter kin jo ferwize nei de beugeltoskedokter foar in ortodontysk adfys, of in ortodontyske behanneling. Op himsels is in ferwiisbrief net ferplichte. Jo binne frij om op eigen manneboerd in ôfspraak te meitsjen. It is wol sa elegant om dit wol mei jo toskedokter te oerlizzen. It is net sa dat jo net mear nei de toskedokter hoege, sadra’t jo yn behanneling binne by in ortodontist! It is sels tige wichtich dat jo ûnder de ortodontyske behanneling by jo eigen toskedokter ûnder kontrole bliuwe.
De beugeltoskedokter kontrolearret alle kearen de beugel en sjocht dernei dat de behanneling goed ferrint, mar hy let net spesjaal op gatsjes en toskfleisûntstekkings. Dêrfoar moatte jo by jo eigen toskedokter ûnder kontrôle bliuwe. At de beugeltoskedokter by in kontrôle wat ûntdekt dat op it mêd fan de toskedokter leit, sil hy jo fansels wol mei in briefke nei de toskedokter ferwize.

Ortodontisten

My Linkedin profile linkDaniël van der Meulen
, hikke en tein op de Jouwer, folge de seisjierrige toskedoktersoplieding fan 1979 oant 1985 oan de Rijksuniversiteit Groningen, dêr’t hy as studint-assistint al wurke by de fakgroepen materiaalkunde, mûlhielkunde en ortodontsy. Dêrnei wurke hy in jier as toskedokter-algemien praktikus yn it stedssintrum fan Keulen, Dútslân, mei as spearpunten heechweardich kroan- en brêgewurk. Hjirnei waard hy selektearre foar de spesjalisten-oplieding ta ortodontist, opnij oan de Rijksuniversiteit Groningen fan 1986 oant 1990. Yn 1990 festige hy him as ortodontist yn Ljouwert. It wurd ortodontist is gearstald út ortho (rjocht) en odontos (tosken). In ortodontist hâldt him eksklusyf dwaande mei dit ûnderdiel fan de toskhielkunde en is dêr dus hiel bedreaun yn. Sûnt 1990 is Van der Meulen lid fan Schisisteam Friesland en hâldt hy mei de kaaksjirurgen fan Ziekenhuis MCL geregeld osteotomy-sprekoeren. Van der Meulen hat ek bestjoerlik aktyf west yn it bestjoer fan de Kring Leeuwarder Tandartsen, yn de Commissie Bij- en Na-educatie fan de NMT Friesland (12 jier), yn de Specialisten Onderhandelings Commissie fan de seksje-spesjalisten fan de NMT Nederland (8 jier) en yn de Werkgroep Beroepskrachtplanning fan de NMT Nederland. Sûnt septimber 2015 wurket Van der Meulen moandeis yn de oplieding fan jonge ortodontisten oan de UMCG in Grins.

Katrina Finnema, hat op it Chr. Gymnasium Beyers Naudé sitten, flak by ús praktyk, in Húzum-Ljouwert. Se wist al as hiel jong famke dat se toskedokter wurde woe. Har stúdzje toskhielkunde hat se ôfrûne oan de Ryksunigersiteit Grins. Dêrnei hat se inkele jierren as toskedokter wurke, u.o. yn de toskedokterspraktyk fan Oentsjerk.
Doe woe se graag fierder yn de ortodontsy. De spesjaliste-oplieding ta ortodontist folge sy oan it U.M.C.G yn Grins. No Katrina Finnema as ortodontiste werom is yn it heitelân, komt se sûnt maaie 2012 ús orto-team yn Ljouwert fersterkjen. Wy binne bliid mei de fersterking fan ús team troch disse jonge, gedreven kollega. Sa kinne wy jo nog better helpe. Fansels praat Katrina Finnema ek Frysk.

Oanmelding kin direkt
Jo oanmelding kin op ferskillende wizen plakfine: jo toskedokter kin de ferwizing trochbelje, maile, opstjoere of oan jo meijaan. Jo kinne dan dizze opstjoere, lânsbringe of tillefoanysk trochjaan. Wy ha ek in oantal ekstra ynljochtings nedich: BSN, poalisnûmer en UZOVI-koade soarchfersekerder (steane op de soarchpas).
At jo ús belje, kin meastal fuortendalik al in earste consult ôfsprutsen wurde, binnen twa moannen. At dan blykt dat in beugel nedich is, kin direkt nei it earste consult mei de behanneling begûn wurde, der is ek gjin wachttiid nei it earste consult.
Foarhinne wie dat wol oars: 25 jier lyn wie de wachttiid yn ús praktyk noch 4 jier. Dat kaam doe noch yn de Leeuwarder Courant op 6 desimber 1982.
Jo kinne dat hjir noch lêze: partl 1, part 2.

De beste âldens om mei in ortodontyske behanneling te begjinnen is yn de heechste twa groepen fan de basisskoalle: groep 7 en 8.
Want: dan fine de bern it leuk om in beugel te krijen en ha sy de measte groei noch foar de boech. En dy groei is faak nedich om in tebeklizzende ûnderkaak wer yn de goeie posysje groeie te litten yn ferhâlding ta de boppekaak.
Berne hoege dus beslist net útwiksele te wêzen, foardat de ortodontyske behanneling útein set! Dit bliuwt in stiiffêst misferstân. In begjin op de middelbere skoalle mei in al reedlik kreas gebit is ek in sosjaal foardiel.


Alfêst te dwaan
  • Stop sobgewoante
    DuimenAt jo bern noch op syn/har tûme of fingers sobbet, is it ferstannich om dizze gewoante alfêst ôf te learen. Bern dy’t noch sobje, krije nammentlik gjín beugel. Eárst moat de sobgewoante kompleet stopt wêze!                      
  • Check jo fersekering
    Ek is it ferstannich om jo fersekeringspoalis nei te sjen. Wurdt de ortodontyske behanneling (foar in grut part) fergoede of hawwe jo noch net it goeie oanfoljende pakket? Ut de basisfersekering wurdt ortodontsy net fergoed (allinnich yn tige earnstige gefallen lykas skisis). In ortodontyske behanneling kostet mei-inoar plusminus €2.250. Dus makket it in soad út at jo 80% werom krije fan jo fersekering of hielendal neat. In oersjoch fan de fergoeding foar ortodontsy út de oanfoljende fersekerings fan de wichtichste soarchfersekerders fine jo fia dizze link.

Jo kinne gelokkich 100 jier wurde mei brike tosken, lykas dizze aardige man.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hoe wurket it?