Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Hoe wurket it?

Oprop
blokjesbeugel Wannear’t jo net tillefoanysk in earste consult ôfpraat ha, mar de ferwiisbrief fan de toskedokter nei ús opstjoerd ha, ûntfange jo binnen in pear wiken, meastentiids per brievekaart, in oprop foar it earste consult. At de foarstelde tiid jo net past, kinne jo ús belje foar in oare ôfspraak. Jo moatte der dan wol rekken mei hâlde dat de measte fan ús klanten op skoalle sitte en it foar ús dêrom ûnmooglik is om alle ôfspraken bûten skoaltiid te plannen.

Earste konsult
Kindertekening van eerste consultMeinimme asteblyft:

Op it earste konsult is it needsaaklik dat jo jo fersekeringspapieren mei it poalisnûmer, de UZOVI-koade fan jo soarchfersekerder, meinimme, in ferwiisbrief (at jo dy ha) en it boargerservicenûmer (BSN) en in legitimaasjebewiis.

(Allinnich it soarchpaske is net genôch, dêr stiet nammentlik gjin ynformaasje op oer jo oanfoljende fersekerings. Wol stiet dêr faak it BSN op.)

De beugeltoskedokter sil freegje wêrom’t jo foar jo bern of josels ortodontyske help sykje:
"Wêrom wolst in beugel?” “Wat ferwachtest fan de behanneling?"

Fierder wurde der fragen steld oer de sûnens yn it algemien, bysûnderheden, ûngelokjes mei it gebit, ensafuorthinne. Dêrnei wurdt it gebit en it gesicht fan tichterby besjoen. Der wurdt yn grutte halen útlein wat der oan ‘e hân is en wat er oan dien wurde kinne soe. Ek hoe lang at dy behanneling eventueel duorje soe en hoefolle at dy ûngefear kostje soe. It earste konsult kostet €21,08 (2016) meastentiids mei in röntgenfoto fan €43,02 (2016) derby; (in 'second opinion' kostet mear, €95,13 (2016)). Wannear’t der alternative behannelmooglikheden binne, dan wurde dy ek besprutsen. Soms wurdt in ortodontyske behanneling ôfred, of is it better om dy noch in jierke út te stellen. Fansels hoege jo net fuortendalik in beslút te nimmen. Wannear’t jo in ferfolchôfspraak meitsje, geane jo automatysk akkoard mei ús praktykregels.

mear bernetekenings:

(de behanneling sjoen fanút it perspektyf fan it jonge bern)

Wy freegje jo meiwurking om ús administraasje kompleet te hâlden
Om ús administraasje kompleet te meitsjen, is it no wetlik ferplichte dat dat wy it boargerservicenûmer (BSN) fan alle pasjinten op te nimmen. Dêrom moatte jo in legitimaasjebewiis meinimme. En om mei Fa-med dêrfoar soargje te kinnen dat it fersekerde part fan de rekkens rjochtstreeks oan jo soarchfersekerder deklarearre wurdt, dat jo allinnich noch in nota ûntfange fan it restearjende part (faak 20%), is it ek nedich om it soarch-poalisnûmer en de UZOVI-koade fan jo fersekeringsmaatskippij korrekt op te nimmen yn ús administraasje.
Ek is it fan grut belang dat jo ús en - en jo soarchfersekerder goed op ‘e hichte hâlde fan in eventuele ferhuzing.

Kostenoersjoch
Der wurdt jo in kostenoersjoch meijûn of tastjoerd foar de yn earste ynstânsje foarstelde behanneling. Yn grutte halen komt it erop del dat in ortodontyske behanneling ynklusyf gebitsôfdrukken, röntgenfoto’s, beugels, kontrôles ûngefear €2.000 - €2.500 kostet. Folle soarchfersekerders fergoedzje 75-80% fan dizze kosten út de oanfoljende fersekering; foar in aktueel oersjoch, klik hjir. Faak wol oant de âldens fan 18 (soms oant 22) jier berikt is. Yn echt spesjale gefallen, lykas skisis (hazzelippe), wurdt 100% fergoede.

Gebitsôfdrukken en röntgenfoto's
At jo beslute ta in behanneling, wurde röntgenfoto’s makke fan it gebit en fan de holle fan ‘e sydkant. It wikselproses is sa te bestudearjen en de besteande ferhâldings en it groeipatroan fan de kaken binne sa te beoardielen.

Voorbeeld rontgen schedelfotoOrthopantomogram OPG OPT

 

 

 

 




En er wurde ôfdrukken makke fan it gebit. Dit wurdt noch faak ‘gipshappen’ neamd, mar it is eins in soart sjelatinepudding mei pipermintsmaak wêrmei’t de ôfdrukken makke wurde. Dizze miks sit yn in ôfdrukleppel en wurdt yn 20 sekonden stevich. Yn dy ôfdrukken wurdt letter yn in laboratoarium pas gips jitten. At dat gips hurd wurden is, binne der gipsen replika’s fan it gebit ûntstien, gebitsmodellen.

 

Het maken van de gebitsafdruk  Gebitsafdruk in alginaat Gebitsmodel in gips


Filmke fan it meitsjen fan in gipsmodel van it gebit.

Behannelplan
Meisje met vaste apparatuur, blokjes beugelOan de hân fan dizze modellen en de foto’s en de ynformaasje fan it earste consult bepaalt de beugeltoskedokter, tegearre mei jo, wat yn jo spesifike gefal de bêste oanpak is. At er alternativen binne, komme dy ek oan bar.

Begjin fan 'e behanneling
Der wurdt úteinset mei de behanneling. Hoe dat krekt bart, hinget ôf fan de beugel dêr’t mei begûn wurdt. It kin ek sa wêze dat it begjin fan de behanneling better wat letter wêze kin. Dat wurdt dan besprutsen. It is nammentlik net sa dat in betiid begjin altyd in koarte behannelingsdjoer betsjut. Wy besykje de behanneling sels sa koart mooglik te hâlden.

Meiwurking
In ortodontyske behanneling kin net fan ien kant komme. Dyjinge dy’t behannele wurdt, moat it wurk dwaan. De beugeltoskedokter is de kaptein, dy’t oanwizings jout welke kant it boatsje opfarre moat. De beugeldrager moat sels roeie! At de streaming feroaret, of de wyn wat tsjinsit, dan moat de beugeltoskedokter witte hoe de koers te ferlizzen om it doel te berikken. De beugeldrager moat sels flink trochroeie. It bêste risseltaat wurdt berikt mei in goeie gearwurking. At de motifaasje by de klant ûntbrekt, is dat tige lestich. At de beugel net genôch droegen wurdt, at er hieltyd kapot makke wurdt, at elastykjes net genôch droegen wurde, at ôfspraken hieltyd fergetten wurde of it gebit net poetst wurdt, dan is it logysk dat it heljen fan in goed einrisseltaat wol hiel dreech wurdt. Ek is stabiliteit dan op langere termyn net te ferwachtsjen.
Koartsein: in goeie motifaasje en in goeie dissipline is tige wichtich. It is goed at de âlders dêr op tasjogge.

Kontrôles
De measte kontrôles binne om de 5 of 6 wiken. At jo in ôfspraak net neikomme kinne, belje dan asteblyft minstens ien dei fan tefoaren ôf. Sjoen nei it feit dat ús klanten noch op skoalle sitte, is it net mooglik om de ôfspraken bûten skoaltiid te plannen.
Ofspraken dy’t net neikommen binne, wurde yn prinsipe yn rekken brocht.
By de kontroles besjocht de beugeltoskedokter hoe’t it giet, at er ek wat feroare wurde moat. De needsaaklike feroarings wurde útfierd.

Reparaasjes
Mocht er, wat net te hoopjen is, wat stikken gien wêze oan de beugel, wachtsje dan net oant de folgjende kontrôle, sels al is it dyselde middei noch. Belje asteblyft altyd: dan kin de reparaasje ynpland wurde yn ús drokke skema. At jo op de kontrôle-ôfspraak pas melde dat de beugel stikken is, krije jo in nije ôfspraak mei foar de reparaasje. Faak kin in kontrôle keppele wurde oan in reparaasje, dat jo bygelyks net 2 wiken letter alwer weromkomme moatte. At de beugel stikken gien is troch ûnsekuer gebrûk, of kwytrekke is, dan wurdt foar reparaasje €26,18 (2016) en foar ferfanging fan in spalkje €34,51 (2016) deklarearre - beide plus de noch oanfoljende technykkosten.

Poetse
Instructie tandenpoetsen
It goed skjinhâlden fan it gebit en de beugel is tige wichtich. At er plaque (it kleverige wite laachje lâns de rannen fan it toskfleis en om de fêste beugel hinne) sitten bliuwt, is dat tige noerlik foar de tosken en kiezzen. Yn de plaque sit in ûntelbere soad bakteriën dy’t sûkers út it iten omsette yn soeren. Dy soeren losse kalkpartsjes út it glazuer op. Hjirtroch ûnsteane wite plakken yn it glazuer en ek gatsjes. Goed skjinhâlde mei fluoride is dus tige wichtich. At it poetsen – nettsjinsteande de warskôgings – net op peil is, is it ûnferantwurd om de behanneling troch te setten. Dan binne wy twongen om de apparatuer fuort te heljen en de behanneling te stoppen. Oant jo bern 10-11 jier âld is, is it ferstannich om alle dagen noch íen kear nei te poetsen (it leafst foar it sliepen gean), want de motoryk by jonge bern is noch net genôch ûntwikkele. Jo kinne feilich poetse mei in elektryske toskboarstel.
By fêste apparatuer (slotsjesbeugel) is it ferstannich om foar it sliepen gean te spielen mei fluoride-spielmiddel (lykas ACT).

Foto's fan smoarge gebitten, sûnder en mei beugel en ûntkalkings in warskôging!

De bernegebitten wurde de lêste tiid minder: mear gatsjes en follings.

Alders wurde minder skerp op it poetsen en jouwe tefolle flaubiten.

Utnimbere apparatuer
AdamsankerDDraaddelen op het gipse 'losse' beugels wurde yn spesjale laboratoaria makke, yn Leeuwarden, Drachten en Doorn. De gebitsâfdrukken wurde fol gips jitten en at dat gips úthurde is, foarmet it in trije-diminsjoniel byld fan de sitewaasje yn ‘e mûle. Neffens it bylevere ûntwerp fan de beugeltoskedokter wurde fan ortodontysk fearenstiel yn foarskreaune ferskillende diktes de trieddielen bûge. Dizze trieddielen wurde mei waaks op it gipsmodel fêstset. Dan wurdt it keunsthars (polymethylmethacrylaat) struid. Dit is it ‘plastic’ fan de beugel. Dat kin tsjinwurdich yn allegear hippe kleuren. Dan wurdt it gehiel ôfwurke en is it klear. Hielendal op maat makke yn Nederlân. In wier stikje fakmanskip. Dan wurdt it ortodontyske apparaat nei dePlaatapparaat, losse beugel, in de mond Kunsthars aangebracht op de draaddelenortodontsypraktyk brocht. De hjirboppe pleatste historyske plaatsjes binne fan it wurk fan Prof. C. Booy, de earste ortodontist fan Ljouwert. Hy bûgde al syn trieddielen sels.

 



Oare útnimbere apparatuersoarten dy’t wy in soad brûke binne:

Van Beek activator in de mond

De Van Beek aktivator,
troch ortodontist Van Beek yn Goes betocht

en oer de hiele wrâld ferneamd
te dragen fan 19:00 oant 07:00 oere,
ynklusyf bûtenboardbeugel.


Filmke oer de ferskillende soarten beugels.

BD-jumper in de mond

De BD-jumper,
in troch B.D. v/d Meulen modifisearre GG-jumper
(ortodontist Gerrit Gelink yn Hengelo betocht it konsept),
te dragen 20 oeren per etmiel yn it begjin,
en mei bûtenboardbeugel erby fan 19:00 oant 07:00 oere.

BD-jumper met High Pull Headgear gedurende de nacht

De BD-jumper, sa’t dy
nachts droegen wurdt.

Foar in part fêste apparatuer

Rapid expansion, hyrax, in de mond

De Rapid Maxillary Expansion ferbredet
flot in te smelle boppekaak.

Fêste apparatuer

Brackets op de tanden, vaste apparatuur

Fêste apparatuer,

ek neamd fêste beugel, slotsjesbeugel, blokjesbeugel.
Der binne brackets op de tosken lime en
elastyske metaaltriedden triuwe sachtjes de tosken
en kiezzen yn de goeie rjochting.

Spesjale beugels

Herbst, mond open

It Herbst-Skarnier hat in beheind yndikaasjegebiet.
It twinget de ûnderkaak yn de júste stan nei foaren
ten opsichte fan de boppekaak.
Dit is de meast wittenskippelik ûnderboude beugel
yn ‘e wrâld! Mear plaatsjesfan it Herbst-Skarnier.
De ekstra technykkosten fan dizze op maat makke
beugel wurde ekstra yn rekken brocht (taryf D17)
en bedrage inkele hûnderten euro's. Dit giet altyd
yn oerlis.

Herbst, mond dicht

 

De Delaire bûtenboard-beugel wurket presys de oare kant op as
de oare bûtenboardbeugels. Hy lûkt de boppekaak jústjes nei foaren
yn stee fan nei achteren. Der sitte elastykjes oan, dy’t oan de
beugel yn de boppekaak fêstsitte. De beugel hoecht allinnich mar
nachts droegen te wurden.

 

Spalkjes
Meastal wurde tsjin ‘e ein fan de behanneling spalkjes achter de boppe- en ûndertosken plakt. Dat binne flochten metalen triedsjes, in heale millimeter dik, dy’t yn ‘e ûnderkaak fan hoektosk ta hoektosk en yn de boppekaak achter de fjouwer boppetosken plakt wurde. Sy sitte oan de achterkant, de tongkant, fan it gebit. De bedoeling is dat dizze spalkjes lang sitten bliuwe en de tosken stypje yn harren rjochte posysje. Eins helje wy de spalkjes der meastentiids net mear út.

Ha jo it idee dat er in spalkje los sit, dan is it saak om fuortendalik in ôfspraak te meitsjen, sadat it wer fêstset wurdt. At de tosken nammentlik ferdraaie, kin in spalkje dat net wer rjochtmeitsje.

Reparaasjes oan spalken koste €34,51 plus de noch oanfoljende technykkosten.






Filmke fan it plakken fan in spalkje achter de tosken.

Nei-kontrôles
Nei ôfrin fan de behanneling sitte der meastal spalkjes achter de foartosken. Soms moat er nachts in losse beugel droegen wurde. Dizze spalken en losse beugels moatte ek noch wolris kontrolearre wurde, mar lang net sa faak as de kontrôles ûnder de ‘aktive’ behanneling. Op it lêst om de 1 of 2 jier hinne.

Filmke van it útheljen fan de slotsjes-beugel.

Kaakoperaasje
Soms is in ortodontyske behanneling allinnich net genôch om de boppe- en ûnderkaak wer goed te krijen ten opsichte fan elkoar. Dit spilet fral by folwoeksenen mei in grutte oerbyt of by minsken mei in gruttere ûnderkaak as boppekaak (‘sintenbakje’).
Dan biedt ús gearwurking mei de kaaksjirurch soms in oplossing. Beugeltoskedokter B.D. van der Meulen wurket op dit gebiet al sûnt 1990 yntensyf gear mei de kaaksjirurgen fan de kaaksjirurgen-maatskip Ljouwert-Snits (Kaaksjirurgen MCL).
At in kaakoperaasje (osteotomy) yn jo gefal in oplossing biede kin, wurde jo útnoege op in osteotomy-sprekoere. Dit sprekoere is ynformatyf en ferplichtet jo fansels nearne ta. De mooglikheden en prosedueres en risiko’s wurde mei jo besprutsen troch de kaaksjirurch en de ortodontist. De úteinlike kar is fansels oan jo.

Mear ynformaasje oer de kaakoperaasje.

Wat kostet it?