Orthodontiepraktijk Leeuwarden

Thús
Is in bûgel nedich?
Hoe wurket it?
Wat kostet it?
Fierdere ynformaasje
Faak stelde fragen
Fierder lêze
Oer ús praktyk
Kolofon

Wolkom op de webside fan de Ljouwerter Ortodontsypraktyk

Foto Leeuwarder Courant; Fotograaf: Siep van Lingen


NL vlag

De website van Orthodontiepraktijk Leeuwarden is er uiteraard ook in het Nederlands.

 


De webside fan ús praktyk no ek yn it Frysk

Mei troch stipe fan de provinsje Fryslân is ús webside no ek yn it Frysk beskikber.
De teksten binne ferfryske troch Eelke Wiegersma fan Prisma Media, dy ek de filmkes makke en ynsprutsen hat.

Youtube filmke oer ús ortodontsypraktyk

Algemien YouTube filmke oer ús praktyk

 

2017 Fersekeringsadfys


Ek yn 2017 is it hiel goed mogelik om de ortodontyske behanneling foar jo bern oant 18 jier te fersekerjen.

De fergelikings-webstee vergelijkmondzorg.nl/orthodontie jout in moai oersicht fan de oanfullende fersekeringen mei de dekking en de preemje.

Ús praktyk hat in oantal mogelikheden útsocht fan oanfullende fersekeringen mei in bêste dekking foar ortodontsy. Dy steanne yn dit listje.

 


 

De priis  'Fear yn 'e Broek'   fan de Ried fan de Fryske Beweging

Fear yn 'e Broek priis


'It is de Ried fan de Fryske Beweging opfallen, dat de Ortodontsypraktyk Ljouwert yn de deistige kommunikaasje de Fryske taal op ferskate wizen har gerak jout.
Dat betsjut foar de minsken dat de drompel om Frysk te praten folslein weinommen wurdt.

De Ried fynt dat de Ortodontsypraktyk hjirmei in foarbyld jout oan oare bedriuwen en ynstellings yn Fryslân. Sy leveret dêrmei in wichtige bydrage oan it behâld en de ûntwikkeling fan de Fryske taal en kultuer.
En dêrom hat de Ried fan de Fryske Beweging besletten om no
De Fear yn 'e Broek ta te kennen oan al dejingen dy't meidogge oan en part hawwe yn de Orthodontsypraktyk'.

De priis is op freed 25 jannewaris 2013, by in besite fan in grut part fan it bestjoer fan de Ried oan de praktyk oan de Skrâns yn Húzum-Ljouwert, troch de foarsitter fan de Ried, Geart Benedictus, oerlange oan ortodontist Daniël van der Meulen.
Alle meiwurkers fan Ortodontsypraktyk Ljouwert binne tige grutsk op dizze erkenning.
De priis bestiet út in hânmjittich yn-kleure originele linofyk fan de byldzjend keunstner Fedde Hoekstra. En der wie ek foar eltsenien hearlike oranjekoek fan banketbakker Nijstad.


In byld fan ús praktyk
Angela aan het werk
Fotograaf: Martin Rijpstra    Mear foto's fan ús praktyk troch fotograaf Martin Rijpstra

Fan jannewaris 2004 ôf kinne jo op dizze webside terjocht foar ynformaasje oer ortodontyske behannelings yn it algemien en oer Orthodontiepraktijk Leeuwarden yn it bysûnder.
Us praktyk is festige yn it sintrum fan Ljouwert, al 500 jier de haadstêd fan Fryslân. It fersoargingsgebiet fan ús praktyk rint yn grutte halen fan Frjentsjer oant Hurdegaryp en fan Grou oant Amelân.

De praktyk is yn 1966 úteinset oan de Drúfstreek, yn 1979 ferhuze nei it hjoeddeistige pân oan de Skrâns en yn 2003 totaal fernijd.
De Ljouwerter praktyk bestiet no dus al mear as hast 50 jier!

De ortodontisten Van der Meulen en Finnema stean mei in grut team tige betûfte orto-assistinten foar jo klear.

Graach oant sjen yn ús praktyk!

 

Is een bûgel nedich?